Keningsting -

Keningsting -

  • 출시년도: 2015
  • 언어: 노르웨이 인
  • 지속: 3:55

아래는 노래 가사입니다. Keningsting , 아티스트 - 번역 포함

노래 가사 " Keningsting "

번역이 포함된 원본 텍스트

Keningsting

It is hjerstwaar yn ‘e wrâld en de dagen wurde skier

Mar minsken jong en âld komme nei de beam fan fier

Asega is it tingtiid?

De tiid is kaam om te kiezen

Sa is it!

Fryslân's soannen it ting sil jim in kening jaan

Rûn tûzen fjurren wurdt sprutsen oer moarn

Oer de nije kening Aldgillissoan

Wêda's segen sil der ha, oan him sil ik in offer bringe

Mei it knyft djip yn myn fleis dript it bloed my oer de fingers

Kervjend yn myn eigen boarst sil ik help oan ieneach freegje

Om te bringen op it skyld de man dy’t eare en rykdom takomt

Oanfurdigje myn offer!

Stean ús by!

Oanfurdigje myn offer!

Stean ús by!

Mei goadefroulju praat er en mei Nertha op syn hân

Sil oer de lannen hearskje, Aldgillissoan

Dan wurdt it stil

Oant de Asega ropt:

Folk fan Fryslân, soannen fan Inguz

Harkje nei wat ik sis

Op it skyld sil heven wurde

De man dy’t troch ús útkard is

사이트에 새로운 텍스트와 번역이 추가되었습니다:

200만 개 이상의 가사

다양한 언어로 된 노래

번역

모든 언어로 고품질 번역

빠른 검색

몇 초 만에 원하는 텍스트를 찾으세요